Eerste toneeluitvoering Wêz Handich in nieuwe MFC Rottevalle

Drachten

De jaarlijkse toneeluitvoering van Wêz Handich staat weer op het programma. Het wordt de eerste toneeluitvoering in het nieuwe MFC aan de Master Kuiperswei in Rottevalle.

De uitvoering is zaterdag 28 januari om 20.00 uur, na afloop is een een gezellige nazit met muziek. Kaarten voor deze avond zijn in de voorverkoop te krijgen bij Café De Lits en Haarstudio Bergsma yn Rottefalle. Het stuk:  'It toanielselskip fan Wêz Handich nimt jim jûn mei nei nachtclub Chez Dolly om yn ‘e kunde te kommen mei de minsken dy’ t dêr harren brea fertsjinje. In grut ferskaat oan minsken mei elk harren eigen swierrichheden en eigenaardichheden; in leave, moedige eigeneresse, har man dy’t it net sa nau nimt mei it houlik en har freondinne dy’t yn ‘e betsjinning wurket. Mar ek in mislearre artyst dy’t slim ûnder it plak sit by syn freondinne, in sekreet fan in wiif dy’t servearster is by deselde club. En dan is der noch in travestyt, it grutte suksesnûmer fan de club dy’t oan de drank is. Syn mem komt ek noch op it aljemint…En in ferlegen famke dat krekt oannaam is by de club moat har steande  sjen te hâlden tusken al dizze nuveraardige figueren wylst se sels eins ek noch in grut geheim mei har meitôget…. Eigeneresse Dolly hat de club yn it ferline sels opboud en der har hert en siel yn lein. Hja hie de saak dan ek tige goed op ‘e rit mar de lêste tiid giet it net mear sa bêst. Hja driget mei al har meiwurkers yn swier waar te reitsjen. En krekt op dat stuit lit har sûnens it ek noch ris ôfwitte… In oangripend ferhaal wêr ’t intriges, haat en oergeunst ôfwiksele wurde mei humor, leafde en begryp. In ferhaal dat jo nei alle gedachten in ûnferjitlike jûn bringe sil.'

Auteur

Redactie