Violeria spilet blijspul Sûker yn de Pein

Drachten

Toanielferiening Violeria út De Pein spilet dit jier it blijspul Sûker fan Ton Davids, fjouwer jûnen om 20.00 oere yn doarpshûs De Wringe yn De Pein.

Kaarten foar freed 27 en sneon 28 jannewaris binne te krijen by Trienke Veenstra, til. 0512-372166. Kaarten foar freed 3 en sneon 4 febrewaris by Fokje Blauw, til. 0512-372427. Yn dit stik is Annabel Gispen in pommerante by in ynternasjonaal bedriuw dat sûker makket. Har man Eelko is húsman en ferfeelt him. Annabel en Eelko ha twa bern, dochter Mel, dy’t in identiteitskrisis hat, en soan Jan sit op swart sied. As de belle giet komt Winnifred den Oudsten der yn stoarmjen. Sy siket in listlûker foar har nije partij Hup Holland, in partij dy’t yn Jip- en Janneketaal oandacht freegje wol foar feiligens fan de boargers en de swierrichheden mei de yntegraasje yn ús maatskippij. Eelko nimt dit oan, mar besaut him oer de frjemde hobby’s fan syn nûmmer twa. Dan binne der noch menear Sis(sink), de butler, en syn dochter Rafaella. Dy twa ha gjin goede bân, mar Rafaella wrot har wol yn de húshâlding fan de wurkjouwer fan har heit. Sy kriget in bân mei de bern fan Eelko en Annabel. Dan bart der fan alles. Annabel nimt in 'sabbatical' by it sûkerfabryk, de beide bern ferdwine ûnder fertochte omstannichheden, Winnifred wurdt betrape op in manljus-húske en polityk in Jip- en Janneketaal is ek net altyd dúdlik.

Auteur

Redactie