Toanielferiening Mei Inoar Ien spilet Edelweiss

Drachten

Toanielferiening Mei Inoar Ien spilet op 28 jannewaris en 4 febrewaris it stik Edelweiss, om 20.00 oere yn seal Aans oan de Alde Wei yn Drachtster Kompenije.

Beide jûnen is der dûnsjen nei mei in moai stikje musyk. Ynljochtings en kaarten binne yn’t foar te krijen by Gauke en Annie vd Mei 0512-341729. Op tongersdei 26 jannewaris is de try-out en de yntree is dan fergees. Dizze kommeedzje yn trije bedriuwen is skreaun troch Carl Sloteboom en ferfryske troch Abele Krist. Berghotel Edelweiss wurdt runt troch Inge Mulder en wurdt bystien troch over Franzi Schmidt en putsjeman Leopold Hauptmann. De toanielskriuwer Jan van Loon sit op kosten fan syn útjouwer yn it Berghotel Edelweiss yn de Eastenrykse Alpen. Joast Franzen, in fûgelfreon en Coba Timmer, Annie Botman, Hanneke Prins, Monique Vriend ûnder lieding fan Els de Wit, hawwe ek harren yntrek yn’t hotel nommen. Dan wurdt Leopold Hauptmann op syn holle slein en falt bewusteleas del. Op dat stuit komt der krekt in nije hotelgast, Robert Krems. Dit jier hat Mei Inoar Ien ek wer in kofjejûn. Dy is op 25 maart en is foar stipers fergees.

Auteur

Redactie