Jongereintoaniel yn De Pein

de pein

Foar it earst yn it bestean fan toanielferiening Violeria út De Pein is der in jongereinploech. Dizze ploech spilet op sneon 14 jannewaris om 16.00 oere it stik De tsjoender fan Oz, yn doarpshûs De Wringe yn De Pein.

De toanielploech bestiet út jonges en famkes út de heechste groepen fan de basisskoalle. Dizze hjerst binne sy úteinset mei de ienakter De tsjoender fan Oz, nei it boek fan L. Frank Baum. It ferhaal giet oer it famke Dorothy, dy’t mei har famylje yn in buorkerij yn Kansas wennet. De buorkerij wurdt troffen troch in tornado en Dorothy en har hûntsje Toto wurde nei in fantasylân blaasd, it lân fan Oz. Omdat Dorothy de minsken fan Oz befrijt fan in lilke heks, wolle dizze minsken har helpe om werom te kommen yn har eigen Kansas. Sy fertelle Dorothy dat dit allinne kin mei de help fan de tsjoender fan Oz. Mar foar it safier is barre der frjemde dingen mei frjemde persoanen. Sa is der in blikken man, in bange liuw, in libbene fûgelferskrikker… Hoe sil dit gean mei Dorothy? De seal giet sneon 14 jannewaris iepen om 15.30 oere. De tagong is fergees, mar fol is fol.

Auteur

Redactie