Nije Multifunksjoneel Sintrum Rottefalle krijt dochs nije namme: It Werflân

DE ROTTEFALLE

It nije Multifunksjonele Sintrum fan De Rottefalle krijt de namme It Werflân. Dêrmei wykt de stjoergroep ôf fan it beslút fan Doarpsbelang, om de âlde namme te hanthavenjen.

Fan'e moarn krigen alle Rotfalsters in kaart yn de bus mei de namme fan it nije MFS dêrop. De op de jiergearkomste fan doarpsbelang keazen namme – It Tiksel, de âlde namme fan it ôfbrutsen doarpshûs - waard net oernommen troch de Stjoergroep fan it MFS. Yn dy Stjoergroep binne alle partisipanten fertsjintwurdige. Dit bestjoer fûn dat der in folslein nije situaasje yn de Rottefalle ûntstien is no ’t der yn dit nije gebou har ferskillende partisipanten hûsfeste hawwe: de gearwurkingsskoalle, it doarpshûs mei jeugdsoos, de pjutteseal, de bernedeiopfang en de bûtenskoalse opfang. Fan elts, foar elts De proseduere fan de nammejouwing waard oerdien mei help fan buro PIT út Ljouwert. Dit kear waarden in dikke 20 fertsjintwurdigers fan alle geledingen ynskeakele, wêrûnder ek in pear learlingen fan de gearwurkingsskoalle. Ut it mei elkoar optinken kaam de nije namme út in groepke van fiif alternativen nei in pear stimrondes út ‘e bus. Alie de Boer, meiwurker fan Tresoar en ynwenster fan it doarp, wie de betinker fan de nije namme: it Werflân. It Werflân is it lân dat fan meardere eigners is en dat ôfwikseljend troch de eigners brûkt wurdt. De stjoergroepleden fûnen meielkoar dat dit prachtich past by de situaasje fan it nije multyfunksjonele sintrum: fan elts, foar elts. Nei de krystfakânsje op 9 jannewaris start de gearwurkingsskoalle fan foarhinne de iepenbiere basissoalle Yn ‘e mande en kristlike basisskoalle De Finne yn it nije MFS It Werflân. Ek de oare gebrûkers geane dan útein yn sintrum. De nije namme It Werflân sil troch alle partisipanten fan ’t MFS brûkt wurde. De offisjele iepening fan it nije MFS sil plak fine op freed 17 febrewaris. It nije gebou is fan heechweardich, duorsum materiaal boud en hast hielendal enerzjy-neutraal, as útkomst fan de filosofy fan C2C.

Auteur

Fokke Wester