Peke de Boer stopt brandweerwerk, maar zet brandweerhobby voort

DRACHTEN

Peke de Boer (62) stopt op Oudejaarsdag na ruim 27 jaar met zijn werk bij de brandweer, maar zijn 35-jarige hobby als vrijwillig brandweerman gaat door.

Tekst en foto's Fokke Wester Peke de Boer kwam als vrijwilliger al in 1981 bij het Drachtster brandweerkorps. In 1989 deed hij een gooi naar de vacante functie van materieelbeheerder op de kazerne aan de Loswal. Had hij destijds die baan niet gekregen, dan was hij toen al als vrijwillig brandweerman gestopt, zegt hij nu. ,,Ik wie doe seker de helte fan al myn wykeinen beset, want foar myn gewoane baan hie'k ek faak stoaringstsjinst. Ik freegje my no ôf hoe't ik it allegear dwaan koe, mar jo dienen it.'' Liftmonteur Alle jongetjes willen brandweerman worden, maar de kleine Peke niet. ,,Ik woe automonteur wurde. Mar dat bin ik ek net wurden.'' Peke de Boer is geboren en getogen in Oudega, maar op zijn dertiende verhuisden zijn ouders naar Drachten, waar zijn vader een baan kreeg bij Philips. Peke ('Ik hjit fan Petrus, mar ús mem hat my fan it begjin ôf Peke neamd') deed op de Ambachtsschool de opleiding constructiebankwerker en kreeg daarna op zijn vijftiende werk bij Stork in Gorredijk, waar machines werden gemaakt voor de zuivelindustrie. Daarna werkte De Boer een half jaar in de landbouwwerktuigen, acht jaar als liftmonteur en tien jaar in de melktankwagens. Toen kwam de baan bij de brandweer langs en kon hij hobby en werk combineren. ,,Ik woe wat foar oaren betsjutte, mar ik fûn it ek wol in avontoer'', verklaart De Boer zijn toetreding tot het brandweerkorps. ,,It is spannend, want jo witte noait wat jo tsjinkomme, gjin brân is gelyk. As der ergens fjoer is, stoot elkenien fuort, mar wy fleane der just hinne. It is foaral de technyske kant dy't my lûkt, moatst altyd in oplossing sykje foar in probleem.'' Rookmelders Het brandweerwerk is in de loop der jaren flink veranderd, zegt De Boer. Vooral de daling van het aantal uitrukken is opvallend. ,,Yn it begjin moasten wy wol acht, njoggen kear wyks der út, dat is in stik rêstiger wurden.'' Er zijn genoeg redenen te bedenken die die daling kunnen verklaren, zegt De Boer. Zo zijn er tegenwoordig veel minder branden omdat mensen zich beter bewust zijn van de risico's. ,,Sjochst no oeral reekmelders, yn de nijbou binne se sels ferplicht. Wat dat oangiet hat ús preventiewurk net om'e nocht west.'' Ook de inzet bij ongevallen is minder. ,,It tal útrukken foar slimme ûngelokken is neffens my wol mei 60 persint daald. Froeger hienen wy elke tsjinst wol in beknelling, mar de auto's binne in stik better en de wegen ek. Op de Wâldwei wienen folle faker ûngelokken doe't er noch twabaans wie. Wy ha no sa'n fjouwer, fiif útrukken wyks en dat kin foar alles wêze, ek foar in kat yn 'e beam. De lêste kear dat ik as brandwearman fjoer sjoen ha wie op 1 oktober, yn de flat oan de Lange West. It is in goed ding, mar ús wurk is der wol in stik saaier fan wurden.'' Postcode Een andere oorzaak van de relatieve rust is de nieuwe manier van alarmering, die op postcode gaat. Alle brandweerkorpsen vormen samen de Veiligheidsregio Fryslân en dat orgaan werkt voortdurend aan een zo efficiënt mogelijk systeem om calamiteiten op de snelst mogelijke manier te bestrijden. Dat betekent dat de Post Drachten, die samen met Burgum en Dokkum de regio Noordoost vormt, niet meer naar een ongeval op de A7 wordt geroepen, omdat de korpsen Beetsterzwaag en Ureterp er eerder bij kunnen zijn. ,,Wy ha yn prinsipe allinnich noch Drachten en De Pein as direkt wurkgebiet. Drachtster Kompenije bygelyks wurdt fanút Oerterp betsjinne en Aldegea fanút Burgum. It is goed dat der nei sjoen wurdt. Wa't brân hat wol mar ien ding: sa gau mooglik blusse, wêr't se ek weikomme.'' Binnen Brandweer Drachten wordt gewerkt met vijf groepen, die om de beurt vanaf dinsdagmiddag zes uur een week lang standby moeten zijn. ,,Yn dy wike dat dyn ploech groep 1 is, moatst kontinu beskikber wêze. As de pieper giet, moatst binnen fjouwer menuten op de kazerne stean. Wa't by de brandwear wol, kin dus net oan de oare kant de Stasjonswei wenje, want dan rêdst dat net op. As ik konsinjeard bin, kin ik eins ek net nei myn soan ta, dy't yn de buert fan Nij Smellinghe wennet. Want stel dat dy pieper giet... It is net goed foar dyn soasjale libben, sa'n wike, dus it thúsfront moat der wol goed achter stean. Bist der eins hieltyd mei dwaande, it spilet altyd mei op'e achtergrûn. Ast yn groep 2 of leger sitst, kinst komme by in alarm, mar it hoecht net. Dan komst pas yn aksje as de brân opskaald wurdt.'' Onderhouden Als materieelbeheerder was Peke de Boer verantwoordelijk voor alles, behalve de wagens. Kleding, persluchtmaskers, uniformen, slangen, communicatiemiddelen, alles moet perfect onderhouden zijn, zodat het gebruiksklaar is op de momenten die er toe doen. De Boer werkt deze maand nog en dan is het voorbij. Hij zal het missen, zegt hij, vooral de groep. ,,De teambuilding, dat is ien fan de moaie dingen oan dit wurk. Jo geane meiïnoar ergens hinne om elkenien sa gau mooglik te helpen. De teamgeast is grut en dat moat ek, want jo moatte letterlik foar mekoar troch it fjoer wolle.'' Sommige werkervaringen kunnen een grote impact hebben op brandweermensen. Daarom wordt bij indrukwekkende gebeurtenissen steevast het Bedrijfs Opvang Team (BOT) ingeschakeld. Na de uitruk gaan de speciaal opgeleide BOT-mensen met de brandweerlieden om tafel, zodat emoties een plaats kunnen krijgen. ,,Wy binne gjin helden, wy binne gewoane minsken. Wy meitsje ferskriklike dingen mei, mar moatte wol gewoan ús wurk dwaan. Dan moatst soms eefkes dyn gefoel útskeakelje kinne.'' Measte fergetten ,,It minste wat ik oait maimakke ha wie in beknelling op Nijtap, fan in echtpear mei twa bern. De frou siet dea achteryn mei de dochter, dy't de foet stikken hie. It jonkje siet foaryn, bekneld, dy hat it ek net rêden. Dêr tink ik noch wolris oan, ek al is it al tritich jier lyn. Mar fierwei it measte bin ik fergetten. Jo kinne der oer of jo kinne it net. Op dat stuit bist mear mei de technyk bezich as mei minsken.'' Vroeger kwam het voor dat hulpverleners bij een beknelling elkaar in de weg liepen, maar tegenwoordig wordt gewerkt met het Systeem Kusters, legt De Boer uit. Daarbij wordt gewerkt met twee cirkels rond het voertuig. Het beschikbare materieel ligt op tien meter, de hulpverleners staan op vijf meter. Op aanwijzing van een ambulancemedewerker en de bevelvoerder wordt bepaald welke hulpverlener wanneer ingeschakeld wordt, bijvoorbeeld om het autodak open te knippen. ,,It is krekt as by in operaasje, dan stekt de sjirurch syn hân út en seit wat er noadich hat. Der is folle mear struktuer yn kaam en dat is allinnich mar better.'' Op orde De Boer verlaat een korps dat alles op orde heeft, zegt hij. Niet alleen wat materiaal betreft, ook de bezetting is met 45 man/vrouw weer op peil. Dat is een tijdje minder geweest, maar na een gerichte wervingscampagne huis-aan-huis in de woonwijken rond de kazerne hebben zich veel nieuwe medewerkers aangemeld, van wie er uiteindelijk dertien zijn overgebleven. ,,Froeger moast in brandwearman mei 55 stopje, mar sa lang as ik troch de keuring kom, kin ik bliuwe. By dy keuring moat ik in oantal oefeningen folbringe. Sa moat ik fia de treppen yn folle bepakking binnen twa minuten boppe yn de Tsjaardaflat komme kinne. Ik moat dus wol myn kondysje op peil hâlde en dat wurdt mei it âlder wurden al swierder. Mar ik rin alle wiken noch twa kear 5 kilometer hurd, dus ik kin noch eefkes foarút. Oan de kommende frije tiid tink ik no noch net, dat komt pas as Aldjiersdei foarby is. Mar ik haw in fyts en in motor, dus ik kin der aanst lekker op út. En wy ha thús ek wol wat putsjes opsparre.''

Auteur

Fokke Wester