Skoallen Drachten sykje frijwilligers foar Fryske les

Drachten

Yn Drachten wol in tal basisskoallen mear dwaan oan it Frysk yn de ûnderbou. Cedin en it SFBO helpe dy skoallen om dat foarm te jaan.

Om’t de learkrêften it Frysk soms noch net goed behearskje, of har ûnwis fiele yn dy taal, sykje Cedin en SFBO frijwilligers dy’t ien kear wyks of om ‘e fjirtjin dagen in deidiel op in skoalle helpe wolle om dêr it Frysk oan te bieden. Dêrfoar is in frijwilligersfergoeding beskikber. Cedin / SFBO soargje foar begelieding en materiaal. Op basisskoallen yn Ljouwert, Boalsert, It Hearrenfean en Snits wurdt al wat langer mei frijwillige lesjouwers Frysk wurke, en elk is dêr entûsjast oer: learkrêften, bern en âlders, en de frijwilligers sels. In ûnderwiisakte of ûnderfining yn it ûnderwiis is net nedich, mar mei fansels wol. Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan oan it Frysk yn de ûnderbou fan in basisskoalle yn Drachten? Stjoer dan in mailtsje nei it SFBO: m.elsinga@sfbo.nl

Auteur

Redactie