Amateurs yn kafee Overwijk op ’e Tynje

Drachten

Op freed 16 en sneon 17 desimber set Rjucht en Sljucht fan De Tynje de komeedzje Amateurs op ’e planken yn kafee Overwijk (Heawei 9, De Tynje).

It begjint om 20.00 oere.  Kaarten kinne besteld wurde by Klaske Lageveen (0513 571630) of oer de mail: info@rjuchtensljucht.nl. Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa. De spilers en spylsters binne Renko Hof, Andries Idzerda, Trudy Wiersma, Reina Gerlofsma, Joeke Meijer, Marit Reinsma em Laura Oosterloo. De rezjy is fan Wiesje Jansma-de Vries út Snits. Ynstekster is Siepie Dam. De komeedzje Amateurs is skreaun troch Wannie de Wijn en yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra. De toanielploech Sân mei har nije stik opfiere yn in folle gruttere seal as se wend binne. En omdat se goed foar it ljocht komme wolle, ha se in profesjonele regisseur frege: Albert Bos. Foar it earst repetearje se op it poadium. Mar de senuwen slane ta: noch mar in pear repetysjes; de tekst sit der by guon noch lang net yn; kostúms binne net klear en it dekôr moat men noch mei begjinne....  Joop, de toanielmaster is te let, en hoe wurket it hjir eins allegear? Ek de eardere regisseur hat sa syn problemen. En is it wol sa'n moai stik? Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat. Amateurs is in hilarysk toanielstik.

Auteur

Redactie