Winston viert zijn elfde verjaardag met een tank

DRACHTEN

Winston Huizinga mocht vanochtend een ritje maken in een tank. Het was een houten nepperd, maar de lol was er niet minder om.

Tekst en foto's Fokke Wester De tank, een houten ombouw waaronder een gewone auto zat verstopt, was geregeld door vader John Huizinga. Met de tank verraste hij zijn zoon Winston, die vrijdag zijn elfde verjaardag viert. Het wordt geen normale verjaardag, want vrijdag begint voor hem ook een nieuwe chemokuur. Huizinga kwam op het idee van de tank door zijn vriend John Baron, die de tank in Hoornsterzwaag zag staan bij het bedrijf van Dirk de Haan en wist dat Winston gek is op alles wat met soldaten en het leger te maken heeft. ,,John hat him it ferhaal fan Winston ferteld en wy meie dy tank fergees brûke, sa lang as wy wolle'', zegt vader John. Hoofdpijn Het verhaal van Winston is ook bijzonder. Begin juni kreeg hij last van erge hoofdpijn en van de ene op de andere dag kon hij niets meer. ,,Net mear rinne, net mear prate. Doe ha se dy hersentumor fûn. Se ha de tumor der úthelje kinnen, mar de operaasje hat dik njoggen oeren duorre.'' Na nog een paar operaties en 31 bestralingen moest Winston wekenlang revalideren in Beetsterzwaag, om zijn lichaam tot rust te laten komen. Hij heeft weer helemaal opnieuw moeten leren lopen en praten. Vrijdag begint de tweede chemokuur, zes behandelingen in termijnen van vier weken. ,,De kâns is in lytse fyftich persint dat it goed komt. Hy hat de meast agressive foarm, faktor 4, dan kin sa'n tumor binnen in pear wiken werom wêze.'' Echte soldaat Het leven is zwaar op dit moment, zegt John Huizinga. ,,Der leit in protte druk op ús, mar Winston hat sa fochten, as in echte soldaat, sis mar. Hy is licht ferlamme, mar rekkenjen en taal en alles giet fierder hiel goed. Hy kin wer rinne en prate en sels ite. Mar ja, no begjint aanst dy nije kuer en dêr sil er wer hiel siik fan wurde. Hy is der wol klear foar, mar hy hat it hiel swier hân yn it begjin. Wy ha ôfpraat dat as it net helpt, dat wy der dan net mei trochgeane. Dan hat it gjin sin en wurdt hy der allinnich mar siker fan. En mear beskadige.'' John zelf is er eigenlijk nog niet klaar voor, erkent hij. ,,Us hiele libben stiet op 'e kop. Ik ha myn baan as sjef-kok by in hotel yn Spier opsein. Aileen wurket noch wol in pear dagen wyks op Lauswolt. Fia de gemeente ha wy Jenny tawiisd krigen, dy helpt ús hiel goed, past op 'e bern as wy der net binne. Wy ha noch in soantsje, Luca fan acht, dy komt no steeds op it twadde plak en dat is ek net goed.'' ,,It is swier, mar wy stride der wol foar. En Winston seker. Dy wie sa krachtich dat er fan de earste chemo net iens siik west hat. Sa graach woe dy trochgean. Mar sawol lichamelijk as geastlik is it no wol hiel swier. It sloopt dy gewoan.'' Glunderen Winston kan goed leren, maar heeft pdd-nos/autisme en volgt daarom onderwijs op So De Zwaai, legt John uit. ,,Hy wie altyd hiel drok, mar hy siet no trije jier op dizze skoalle en it gie hieltyd better. Hy is hiel intelligint.'' Dat hij de tank voor Winston heeft kunnen regelen doet hem zichtbaar goed. ,,En wy krije der ek in hiel soad positive reaksjes op. It is moai om him sa glunderjen te sjen.'' Winston vierde vanochtend zijn verjaardag in de klas van de school aan de Klokhuislaan. Hij werd er door zijn klasgenootjes met applaus ontvangen en trakteerde op oliebollen, die waren vermomd als bommetjes. Winston was er voor het laatst in juni van dit jaar. Er wordt nog altijd veel over hem gepraat in de klas, zegt leerkracht Engelien Lageveen. ,,Wy ferjitte him net. It is foar de bern ek hiel goed dat sy him no wer eefkes sjogge. Dy sykte is sa abstrakt, no kinne se him wer eefkes sjen en oanreitsje. Dit is foar elkenien goed, tink ik.''

Auteur

Fokke Wester