Frans Dijkman sechstich jier by fuotbalferiening Sumar

Drachten

 Frans Dijkman is dit jier sechstich jier lid fan Fuotbalferiening Sumar en 25 jier consul foar de KNVB. Hy fiert dêrmei twa jubileums yn ien kear.

Tegearre mei frou Binnie hat Frans ferskate bestjoersfunksjes by fuotbalferiening Sumar. Hy sit yn ferskillende kommisjes, is leider fan in alvetal, fersoarger by it earste, linen kalkje, materiaalman, jit de kofje yn, ranja klear meitsje foar yn de rust, set sneontemoarns de fjilden klear, is by de klustsjinst, makket programmaboekjes, kart it fjild, himmelt de boksen, blaast de ballen op goeie sterkte, rûmet nei de wedstriden de kornerflaggen op, gjit in slach oer en lâns de fjilden. Sprekt de júste persoanen oan, lûkt amtners oan de mouwe. Hy mist by sûn wêzen net in sneon op it fjild of yn 'e kantine. Der is altyd wol wat te dwaan of te regeljen. Dizze taken nimt Frans Dijkman allegear op him. En hy krimmenearet nea.  Hy seit; it is foaral in gesellich en sosjaal barren. In gesellich praatsje, in bakje kofje mei de klusmanlju op freedtemoarn, lâns de line by de jeugd..  En alles ûnthâld Frans. Hy skriuwt der ek noch in ferslach fan foar yn it doarpskrantsje. Hy seit, ik gean it wat rêstiger oan dwaan nei dit jier. Foar de goeie oarde; Frans sei fiif jier ferlyn itselde, dus it is ôfwachtsjen hoe't it baltsje rolje sil...

Auteur

Redactie