Lêzing Freonen fan Museum Opsterlân yn De Buorskip

Drachten

De Freonen fan Museum Opsterlân hâlde tiisdei 25 oktober om 20.00 oere in lêzing yn De Buorskip op 'e Sweach. 

Rinse van den Berg fan de Freonen fan Museum Opsterlân sil wat fertelle oer ien generaasje hurdriders út syn famylje, dy't tusken 1865 en 1895 hiel wat prizen ophelle op de iisbanen yn Fryslân, Grinslân en fierder Nederlân yn, oant sels oan Hamburg ta. Om tichter by hûs te bliuwen, se wûnen ek wol prizen op 'e Gordyk en yn Drachten. In fierdere ferbining mei dizze krite foarmet de ferhuzing fan Okke van den Berg út de omkriten fan Ryptsjerk wei nei Heidehuzen efter Olterterp, ek dêr sil wat oer ferteld wurde. Inkelde nijsgjirrige feiten, dy’t oan bod komme sille: Okke wurdt ûnterjochte dea ferklearre en nei dyselde riderij moat de blanke sabel der jûns oan te pas komme om de feestgongers del te bêdzjen, Troelstra is optein oer it riden fan Thys & Tryntsje van den Berg en makket dêr in gedicht oer en Okke’s soan Lieuwe wurdt fan languod Olterterp stjoerd om't er streupt hawwe soe. Wa't der mear fan witte wol en sjen: der binne ek foto's by fan sawat 1878 ôf, wêrûnder unike fan Domela Nieuwenhuis en Tseard Stientra, is tiisdei 25 oktober om 20.00 oere wolkom yn De Buorskip, seal 7: De Serre. De tagong is fergees.  

Auteur

Redactie