Drachtster Lyceum organisearret earste Dei fan de Fryske Taal

Drachten

Juster waard op it Drachtster Lyceum de ‘Dei fan de Fryske Taal’ hâlden. Op dizze dei steane alle reguliere lessen wêr’t it kin yn it ramt fan it Frysk, meartaligens, minderheidstalen, Fryske sport, kultuer en erfgoed.

Ek wurde it Frysk safolle mooglik as ynstruksjetaal brûkt. Njonken it ynhâldlike omtinken foar it Frysk, wie der ek tiid foar ferdivedaasje mei in Fryske lunsj, in Fryske kwis en in spetterjend optreden fan Jelle B. en Iris Kroes. Frysk Jeugdparlemint De Dei fan de Fryske Taal is in inisjatyf fan jongerein út de kommisje Frysk fan it Frysk Jeugdparlemint (maart 2016). Mei de Dei fan de Fryske taal wolle sy learlingen fan it fuortset ûnderwiis bewust meitsje fan de posysje fan it Frysk yn de maatskippij. De leden fan de kommisje Frysk wolle learlingen neitinke litte oer de mearwearde fan it Frysk foar har persoanlike ûntwikkeling, skoaltiid, ferfolchstúdzje en berop. Op dizze wize hopet de kommisje Frysk dat de learlingen stimulearre wurde om it Frysk as eksamenfak te kiezen. It is foar it earst dat in op it Frysk Jeugdparlemint oannommen plan útfierd wurdt. It is de bedoeling dat ek oare skoallen in Dei fan de Fryske Taal organisearje. De Dei fan de Fryske Taal is in oanfolling op de gewoane lessen Frysk, gjin ferfanging dêrfan. Frysk wurket! Om learlingen sjen te litten wat de mearwearde fan it Frysk wêze kin foar har ferfolchkarriêre, is ta gelegenheid fan de Dei fan de Fryske Taal it boekje ‘Frysk Wurket!’ útjûn. Yn dit boekje fertelle minsken út ferskate beropssektoaren hoe wichtich taal yn it algemien en Frysk yn it bysûnder is foar har wurk.

Auteur

Redactie