Fryske foarlêslunsj mei Hylke Speerstra yn de Hema

DRACHTEN

Op Nationale Ouderendag, freed 7 oktober, hâlde Bibleteek Drachten  een Foarlêslunsj mei skriuwer Hylke Speerstra yn it restaurant fan de Hema.

Speerstra lêsde it Fryske Voorleeslunchferhaal ‘Dûns’ foar. It ferhaal is skreaun troch Jan Siebelink en mei tank oan it projekt Dat wie doe sa fan de Afûk oersetten yn it Frysk troch Ytsje Steen. Sa’n sechtich minsken wienen oanskood foar it ferhaal en in bakje kofje mei wat lekkers. Tidens it foarlêzen wie it stil yn it oars altyd drokke restaurant. Hylke Speerstra naam de besikers fan begjin oant ein mei yn it ferhaal. It foarlêzen fan ferhalen kin in rol spylje yn it trochbrekken fan it isolemint dêr’t guon âlderen yn sitte. In bysûnder ferhaal of gedicht jout ûntspanning en is faak oanlieding ta in petear of it opheljen fan oantinkens. ,,Dat slút goed oan by de gedachte efter it projekt Dat wie doe sa'', seit Douwkje Douma, projektkoördinator Frysk yn ‘e soarch by de Afûk . ,,Mar Dat wie doe sa foeget dêr ek noch it aspekt taal oan ta. Taal is mei bepalend foar it wolwêzen fan minsken. It praten fan deselde taal jout in gefoel fan fertrouwen, fan ‘thús’. Dêrom hawwe wy de Leescoalitie oanbean om it Voorleeslunchferhaal yn it Frysk oer te setten. Sy wienen der fuortendaliks entûsjast oer. En de hear Siebelink trouwens ek.''

Auteur

Fokke Wester