Easterbarren minder drok, mar like gesellich

EASTERMAR

It wie saterdei wat minder drok, mar net minder gesellich 0p de sechtjinde edysje fan Easterbarren yn Eastermar.

By de iepening middeis op it Breed wienen der dúdlik minder minsken as foargeande kearen, mar yn de rin fan de middei luts dat aardich by. Alles by elkoar waard de opkomst dochs wol wer rûsd op sa’n 5000 minsken. By it jûnsprogramma mei de pleatslike band Compromise en de coverbands Why Not en The Cube wie de belangstelling en gesellichheid seker net minder as oars. It waar spile it Easterbarren oe sa yn de kaart. Noflike temperaturen, de sinne, in bytsje wyn. Middeis om seis oere hinne kaam in donker driigjende loft opsetten, mar de bui ferwaaide. It lêste stikje fan it jûnsprogramma joech de natoer in gratis ljochtshow wei yn de foarm fan bliksem fan opkommend ûnwaar. Mar der wie noch moai tiid ek it haadpoadium op te romjen ear’t de plensbuien om healwei tolven echt losbrieken boppe Eastermar. De organisaasje mocht wer in protte komplimenten krije fan minsken dy’t in skitterjende middei/jûn hân hiene. Sjoch foar in ympresje www.easterbarren.nl

Auteur

Fokke Wester