De Dwerskop: teater ûnder it PM-kanaal

Drachten

De Dwerskop is in grut muzikaal en fisueel teaterbarren midden op de Sintrale As, foar it akwadukt fan Burgum. Mei meiwurking fan sa’n 250 minsken út de omkriten fan de nije wei.

Foar it barren wurdt spesjaal in grut projektkoar en in gelegenheidsorkest oprjochte. In spesjale edysje fan it Iiepenloftspul Burgum yn gearwurking mei BUOG. It nije akwadukt komt it Hendrik Bulthuis akwadukt te hiten. Nei de bekende kapper en boatebouer út Burgum. It ferhaal wurdt ferteld fanút de kapperssaak. It ferhaal Twa memmen sjogge fanút de kappperstoel nei harren bern dy't it lok net fine kinne. Folmer is de iene, in frijgeselle boer dy’t in protte kânsen yn it libben mist hat. Maaike is de oare, wol troud, mar net gelokkich. Tritich jier lyn hienen se ferkearing, mar troch in famyljeskeel moast hjir in ein oan komme. Se wenje beide oan in kant fan it kanaal, troch it akwadukt kinne se no wer by elkoar komme. Foardat se inoar fine moat der lykwols hiel wat wetter troch it PM-kanaal streame. Kaarten Folgje alle ûntwikkelings rûnom de Dwerskop via www.dwerskop.nl en www.facebook/iepenloftspul-burgum Kaarten no te bestellen fia: www.dwerskop.nl en te keap bij Mitra en Anka Dupon in Burgum. Spyldata binne: 1, 2, 3, 8, 9 en 10, septimber. De Dwerskop is makke troch: Iepenloftspul Burgum, Regy & Foarmjowing: Pieter Stellingwerf & Kees Botman (BUOG), Muzikaal lieder: Kees van der Meer, Koar & Orkestdirigente: Atsje Lettinga, Kostuumûntwerp: Dianne Bonnema, Dramaturch: Hans Brans, Produksjelieding: Ruth ter Voort (BUOG), Regyassistente & duns: Trieneke Verbeek, Dekorbou: Jaap Groen.  

Auteur

Redactie