Jeroen Pietersma: 'Drachtsters moeten trots kunnen zijn op hun skûtsjes'

DRACHTEN

Als je wint, heb je vrienden. Jeroen Pietersma weet het. ,,Sjoch mar nei Max Verstappen.'' Pietersma hoopt ook ooit als kampioen de Drachtsters enthousiast te kunnen maken voor hun skûtsje.

Tekst: Fokke Wester Drachtsters moeten trots kunnen zijn op hun beide skûtsjes. Daarvoor zijn echter wel prestaties nodig, weet schipper Jeroen Pietersma. Hij en zijn bemanning hebben dit jaar flink hun best gedaan, getuige de prima vijfde plek in de eindrangschikking van de SKS. Alleen Douwe Visser deed het ooit beter, met een derde plek. Linker rychje Bijzonder verrassend was de dagzege in de openingswedstrijd op het Pikmar bij Grou, een primeur voor Drachten, maar ook verder zeilde Pietersma met zijn Twee Gebroeders een prima seizoen. In vijf van de elf wedstrijden eindigde hij bij de beste zes, waarvan drie keer zelfs op het podium. ,,It doel wie it linker rychje, by de bêste sân, dus dit wie in geweldich seizoen. It gie echt hartstikkene bêst. Mar ast kampioen wurde wolst, moatst struktureel by de bêste fiif, seis sitte. Dus wy moatte flakker. Wy sitte hiel ticht by de top.'' Pietersma's voorganger, Albert Visser, zei vlak voor zijn overstap naar Lemmer drie jaar geleden dat Drachten binnen vijf jaar de titel zou kunnen pakken. ,,Dan haw ik noch twa jier'', zegt Pietersma lachend. ,,Wy sitte flak achter de kampioenen, mar achter ús sitte ek in pear kampioenen, dus it soe samar kinne. It sil echt in kear gebeure. Ast der sa ticht tsjinoan hingest, kinst dy ôffreegje wat de lêste stap wêze moat. Miskien moatte wy it skip noch in kear ferbouwe.'' Dreamteam De bovenste vijf schippers in de eindrangschikking vormen een apart ploegje. De drie Vissers (kampioen Douwe van Sneek, zijn neef Douwe van Grou en zijn broer Albert van Lemmer) en de twee gebroeders Pietersma (Gerhard van Earnewâld en Jeroen van Drachten) zaten ooit bij elkaar op de Sneeker Pan. ,,Dat wie in Dreamteam, dat yn 1995 en 1996 twa kear achter mekoar de titel wûn. Wy binne der yndertiid echt mei oan'e slach gien en benaderen it silen oars. Wy ha hiel wat nijs útfûn en dêr kinne wy no noch altyd op meilifte. En as ik ergens mei sit, kin ik noch altyd by Douwe Snits terjochte foar advys. Wy prate mei mekoar en dêr wurdt it silen better fan. Wy binne noch altyd freonen en ha in protte earbied foar mekoar. Likegoed hie ik ús Gerhard de titel ek gund, dy hat geweldich syld. Ik sil him yn de wedstryd net helpe, mar ik sil him ek net dwers sitte.'' Hoewel Sneek al voor de zoveelste keer kampioen is, wordt de strijd er wel spannender op, vindt Pietersma. Door de strenge formules waaraan de skûtsjes moeten voldoen komen ze qua vaareigenschappen en snelheid steeds dichter bij elkaar te liggen. Het verschil bij de finish is soms maar een paar seconden en daardoor worden de afstelling van het tuig, stuurmanskunst en handelingssnelheid van de bemanning steeds belangrijker. Skoanheit ,,Ik hie in tou trije millimeter ferkeard stean en it woe fuort net mear. Soks moatst leare, moatst it fiele. Dêrom is ûnderfining sa belangryk. Gerhard sylt al 15 jier op Earnewâld, Douwe Visser al sûnt 1988 op Snits. Dêrom bin ik ek sa wiis mei myn skoanheit, Ale Zwerver. Dy hat op skûtsjes alles wol meimakke. Hy stiet foarop it skip en is myn ekstra pear eagen. Soms komt er by my en dan seit er: miskien soest it swurd wat nei foaren sette kinne. Faak hat er dan gelyk.'' ,,Wy traine ek hiel searieus. Soms dogge wy allinich mar boeirondings, krekt sa lang oant it trije kear goed is. En net samar goed, mar trije kear hiel goed. Ek op de start oefenje wy in protte. As it by de finish om trije sekonden giet, moatst hieltyd perfeksjonistysker wêze. Sa dogge wy ek oan teambuilding en ha wy der no foar it earst in mental coach by hân.'' Topsport Het gaat in topsport om details, zei Cruijff al en dat geldt volgens Pietersma net zo goed voor skûtsjesilen. ,,Want de SKS, dat is echt topsport. Wy traine fan maart ôf en stekke al ús fakânsjedagen en frije tiid der yn. Net allinnich yn it silen en trainen, mar ek yn it ûnderhâld en oanpassings oan it skip. En dat alles foar nul sinten, want it binne allegear frijwilligers, stik foar stik. It bliuwt leafdewurk âld papier'', benadrukt Pietersma. Waarom hij het dan toch doet is vrij simpel: Voor een echte liefhebber is de SKS het allerhoogste. ,,It is in hiel grutte ear om ien fan dy fjirtjin te wêzen en dat jildt ek foar de jonges op it skip. Myn pake sylde al, it is unyk wat wy dogge.'' ,,Yn de float sile no ferskillende jachtsilers mei, dy sjogge har de eagen út. Njonken de Volvorace is der op de hiele wrâld net sa'n grut sylevenemint, mei in sylfloat yn in arena mei safolle publyk der omhinne. It silen giet ek op it skerpst fan de snede. By ús sylt Gijs Vlas no mei as adviseur, en op oare skippen sile Erik en Thijs Kort mei as adviseurs. Dy binne hiel wat wend, mar binne út'e skroeven oer wat se hjir meimeitsje. Se witte net wat harren oerkomt.'' Kritiek En juist omdat de SKS topsport is, kan het Drachtster skûtsje niet meer meedoen aan evenementen als de Turfrace, stelt Pietersma. Het kwam hem dit voorjaar op flink wat kritiek te staan dat de D ontbrak bij de historische race van oude vrachtschepen. ,,De Twee Gebroeders is net in skip foar soks, ik tink dat de Drachtsters dat ek ynsjen moatte. It giet by de SKS al lang net net mear om tradysje en histoarysk erfguod. As minsken dat sjen wolle, moatte se mar nei it skûtsjemuseum yn Earnewâld ta. Us skûtsje is in wedstrydskip en dêrom rjochtsje wy ús puer op it wedstrydsilen. En gelokkich stiet it bestjoer dêr hielendal achter.'' De erkenning bij de bevolking ontbreekt volgens Pietersma nog wel eens, maar dat heeft ook met de historie te maken en het karakter fan Drachten zelf. ,,Grou, Snits, Earnewâld, De Lemmer, dat binne echte wettersportplakken en dy skûtsjes ha yn it ferline ek altyd goed presteard. En sjochst it oan Max Verstappen, sport wurdt in stik leuker ast sjauvinistysk wêze kinst. Der ha noch noait safolle fans fan Formule 1 racen west as no. Minsken ha in eigen belang noadich, in favoryt, ien dêr't se grutsk op wêze kinne. As wy winne, dan komme se wol, dêr bin ik wis fan. Dus moatte wy dêrmei oan'e slach.''

Auteur

Fokke Wester