Utstalling en lêste kâns om eefkes te sjen yn ibs de Bernebrêge yn de Pein

DE PEIN

Mei yngong fan it nije skoallejier krijt De Pein in gearwurkingsskoalle. De Bernebrêge, it Maitiidslibben en de Gielguorde yn De Tike smite de lapen dan gear.

De bern fan de Bernebrêge krije tenei in plakje yn it gebou oan it Healwei. De iepenbiere skoalle wurdt leech makke. Yn oparbeidzjen mei de Histoaryske Feriening fersoarget it team fan de Bernebrêge in útstalling mei foto’s, dokuminten, âlde learmiddels ensafuorthinne. Belangstellenden kinne moandeitejûn 4 july fan 19.30 oant 21.30 oere komme te sjen. Minsken dy’t dan net kinne, binne ek wolkom op sneon 9 july fan 10.30 oant 17.00 oere. Foar wa't dêr ferlet fan hat is it op beide dagen fansels ek mooglik om noch ien kear in slach troch de skoalle te meitsjen.

Auteur

Fokke Wester