Ôfskie fan iepenbiere skoalle de Skûle yn Drachtster Kompenije

Drachten

 Yn 2009 is it 175-jierrich bestean fan iepenbiere skoalle de Skûle oan de Alde Wei yn Drachtster Kompenije fierd. Op 14 augustus 2016, sân jier letter, falt it doek.

Foar hiel wat bewenners en âld-bewenners fan it doarp fielt dit as de ein fan in tiidrek. Op tongersdei 14 july wolle de âlderrie, it team en de jubileumkommisje fan IBS de Skûle hjir oandacht oan jaan troch yn Kafé Aans, ek oan de Alde Wei, noch ien kear in ôfskiedsjûn fan de Skûle te hâlden. De jûn begjint om 19.00 oere. It earste, offisjele gedielte wurdt fersoarge troch de bern, de âlderrie en it team fan de Skûle. Fanôf 21.00 oere is der tiid foar eltsenien dy’t de Skûle in waarm hert tadraacht, om nei te praten oer de skoalle, soks ûnder it genot fan in hapke, in drankje en gesellige musyk fan Folkert Hans Tolsma. Op tongersdei 7 july wurdt der foar de bern fan de Skûle fanôf 14.00 oere ek noch in grut pleinfeest hâlden. Alders en oare famyljeleden binne hjirby as publyk fan herte wolkom. Alderrie, team en jubileumkommisje hoopje op moai waar,mar mocht dat net it gefal wêze, dan wurdt der útwykt nei 8 july.

Auteur

Redactie