Lêste stipers socht foar boek oer Goaiïngahuzen

Drachten

 Skriuwster Auck Peanstra, har broer Anne Peenstra en fotograaf Willem Wilstra hawwe in boek oer de (âld)bewenners, de skiednis en de natoer fan Goaiïngahuzen/it Eilân makke.

De Afûk wol it boek útjaan, de provinsje Fryslân en de gemeente Smellingerlân ha jild beskikber steld. Om it mooglik te meitsjen dat it boek feitlik ferskynt, moat der noch jild by. Anne Peenstra: ,,Willem en ik wolle oh sa graach dat dit boek noch yn 2016 – it jier wêryn myn suster Auck fiersten te jong ferstoarn is – printe wurdt.” De titel fan it boek is Goaiïngahuzen, in machtich plakje. It grutste part fan de útjefte bestiet út ferhalen fan âld-bewenners en tsjinwurdige bewenners fan Goaiïngahuzen. Sy fertelle hoe't earder op Goaiïngahuzen wenne en buorke waard en hoe't it der no om en ta giet. Dêrneist binne in oantal eftergrûnferhalen en in hiele protte âlde en nije foto's opnommen. De âlde foto's binne beskikber steld troch de âld-bewenners, de nije foto's binne fan Willem Wilstra. Wilstra wie ek de inisjatyfnimmer fan it boek; Auck Peanstra en har broer Anne binne ferantwurdlik foar de teksten. Auck is bekend wurden troch û.o. Sitebuorren, myn eigen paradys. Spitigernôch hat se it boek net mei ôfmeitsje kinnen: op 29 febrewaris is se nei in slimme sykte ferstoarn. Stypje Minsken dy't de útjefte fan dit boek ek stypje wolle, kinne kontakt opnimme mei de makkers:  Willem Wilstra (0512-546521 of 06-51202126) of Anne Peenstra (0512-525493). Mear ynljochtings op www.facebook.com/machtichplakje.

Auteur

Redactie