Laatste rijdende Drachtster melkboer viert zilveren feestje

DRACHTEN

Toen Paul Akkerman vijfentwintig jaar geleden begon met zijn rijdende winkelwagen, had hij in Drachten nog zo'n tien collega's. Deze week viert hij zijn zilveren jubileum. Hij is als enige overgebleven.

Tekst en foto's Fokke Wester Paul Akkerman (45) is een geboren en getogen Drachtster. Hij weet dus ook dat de rijdende winkelwagen vroeger een normaal verschijnsel was in het dagelijkse straatbeeld. Vanaf het midden van de jaren zestig vervingen ze in rap tempo de aloude melkboer met de 'sûpekarre', die zich nog beperkte tot de basiszuivel, boter, kaas en eieren. Per liter ôfrekkene ,,Der rieden hjir op it hichtepunt wol tritich fan dy grutte weinen om yn Drachten. Elk hie syn eigen wyk mei fêste klanten en ast in wyk oernimme woest, koest der mar foar betelje. Dat waard echt per liter ôfrekkene. It joech ek wolris problemen, as in klant de molkboer fan de oare strjitte leuker fûn en by him har boadskippen helle. Soks kinst net tsjinhâlde, mar dan waarden se lulk soms.'' Akkerman nam in 1991 de melkwijk over van een stoppende ondernemer. Hij hoefde alleen de voorraad te betalen en moest zelf zorgen voor een wagen. Inmiddels is hij al weer toe aan zijn vierde of vijfde wagen, hij is de tel een beetje kwijt. ,,Dizze haw ik no seis jier, mar hy is al fan 1993. In nijenien kostet samar twa ton. Mei al dy stopjende ûndernimmers soest sizze datst de weinen mar foar't útsykjen hast en dat de priis fan sa'n twaddehâns karre wol sakket. Dat tink ik sels ek al twintich jier, mar it gebeurt dus noait.'' Vrijheid Op de vraag wat het werk zo leuk maakt, antwoordt Akkerman: de vrijheid. ,,En dan wit ik fansels wol dat ik hielendal net frij bin, want de klanten ferwachtsje my wol op tiid. Mar ik ha gjinien boppe my, dêr't ik my foar ferantwurdzje moat. As ik tink: ik wol dy koekjes net mear yn myn wein ha, dan doch ik se der út.'' Lachend: ,,Mar as de klanten der dan letter om freegje, is de kâns wol grut dat ik se der dochs wer yn lis.'' Ook het contact met mensen is voor Akkerman een van de leuke kanten van zijn baan. ,,It past ek wol by myn karakter. En ik haw gelokkich in goed ûnthâld, want as ien in beppesizzer krigen hat, moatst der letter ek werris nei freegje. Foar in hiel soad minsken bin ik dochs de lêste dy't noch oan'e doar komt. Der is hjir yn Drachten ek noch in sutelbakker, mar froeger kamen der by de measte minsken wol fjouwer of fiif ûndernimmers oan de doar.'' Niet voor jonge mensen De rijdende winkel is niet bedoeld voor jonge mensen, weet Akkerman. ,,Ik ha se wol hear, de jonge gesinnen. Mar ik moat de minsken treffe as se thús binne en yn de measte moderne gesinnen wurkje se beide. Dan soest jûns al hinne moatte. Mar de jeugd is der ek net mear oan wend, dy binne net mear bekend mei dit soart hannel. Dy ride sels oeral hinne om boadskippen te heljen.'' Verzorgingstehuis Had een SRV-man vroeger een compacte wijk, waarin hij huis-aan-huis zijn klanten kon vinden, de nog ruim tweehonderd klanten van Akkerman wonen verspreid over een groot gebied. Hij begon ooit in de wijk Burmanialaan, burgemeester Wuiteweg en de Folgeren. In de ene straat kwam hij twee keer per week langs, in de andere drie keer. Nu komt zijn wagen ook in Opeinde, Garyp, Burgum en zelfs Hurdegaryp. In dat laatste dorp parkeert hij zijn winkelwagen bij verzorgingstehuis Bennemastate. ,,Ik ryd de moarns om acht oere fuort, dan bin ik om goed healwei njoggenen by myn earste klanten yn Burgum. Dêr haw ik wat skoallen noch der by en dan gean ik nei wat bedriuwen yn Noardburgum en Quatrebras. Dêrnei stean ik earst in oere foar Bennema State en dêrnei noch in heal oere oan de achterkante. Dat binne wol moaie stops. Yn ferhâlding kostje dy klanten my te folle tiid, mar ach. Kinst it as probleem sjen, mar ik sjoch it leaver as in mooglikheid.'' Kaaswinkeltje Drie jaar geleden begonnen Paul Akkerman en zijn vrouw Henny met een kaaswinkel op de Markt, naast de Aldi. Daarom rijdt hij nu nog maar drie dagen in de week in zijn wagen. Akkerman is de laatste jaren gewend om in te moeten spelen op de veranderende omstandigheden. Hij nam in 2010 het winkeltje over in het Servotel, waar hij drie ochtenden in de week werkte. ,,Mar twa jier letter ha se besluten dat it ôfbrutsen wurde soe en moasten al myn klanten samar ynienen ferhûzje.'' Hij kreeg nieuwe klanten op het Raadhuisplein, totdat het hele centrum over de kop ging. Om toch zijn wijk wat uit te kunnen breiden, richtte hij zijn aandacht op de nieuwe appartementen op het terrein van het voormalige Andreas College, aan de rand van De Drait. ,,Ik hie de folders al drukke litten, hiele moaie, mar doe kaam dy tsiiswinkel frij. Doe haw ik myn wyk wat ynkoart. Fan fiif dagen bin ik nei trije gien. Ik ha al myn klanten hâlden, mar ik kom oeral noch mar ien kear yn'e wike.'' Lichte dwang De dagen dat Akkerman in de winkel staat, zijn totaal anders, vertelt hij. ,,Dêr komme de minsken by my en is it kontakt hiel oars. Koarter ek. Yn de wein moatst de minsken wat mear tiid gunne, se binne faak ek wat âlder. Soms moatst se wol mei lichte dwang nei bûten skowe as se mei mekoar begjinne te praten, oars komt der noait wer in ein oan, haha.'' Akkerman levert vooral vers en zuivel. ,,Dat is myn sterke punt. En de service, fansels. Ik bring de boadskippen noch oan de doar ta en as it moat set ik se sels op it oanrjocht. Dat is neat bysûnders. Ik helje ek wolris de lege flessen út de kelder. Dy service is net mear fan dizze tiid, mar foaral in protte âlderen hechtsje der dochs wol oan.'' Krentjebrij Bij het kiezen van zijn assortiment houdt hij ook wel rekening met de doelgroep. Zo houdt hij in zijn schappen nog ruimte vrij voor roggebrood, Indische cake, krentjebrij, puddingpoeder en gortepap. ,,Fan dy lêste ferkeapje ik sechstich yn'e wike.'' Verder kiest hij vooral voor de A-merken. Dat is belangrijker dan een ruime keuze, heeft hij ervaren. ,,Ik ha hjir fjouwer pakken Chocomel neist mekoar stean. Ik kin der ek fjouwer ferskillende merken delsette, sadat de minsken kieze kinne, mar dat wurket net. Dan hast mear, mar ferkeapest minder. Minsken sykje nei it fertroude. Myn foarrige wein wie in meter koarter, doe hie ik altyd rûmte te min. No kin'k der nochris in kistje appels by sette. '' Mohikanen Hoe lang hij het als laatste der Mohikanen nog volhoudt durft hij niet te zeggen. ,,Ik besjoch it per jier. Sa lang as it noch út kin, wol ik dit wol dwaan bliuwe. As it jild kostet, kin it natuerlik net mear. En as moarn myn motor knapt, dan moat ik der wol eefkes oer neitinke hoe't it komt. It is in útstjerrend berop. Der binne mear dy't it net sitten sjogge as dy't der wol brea yn sjogge. Opfolging fine is hiel dreech.'' In het zuiden van Nederland wordt inmiddels gewerkt aan een nieuwe organisatie. Daar richten de rijdende winkelmannen zich ook op ouderen, maar met bijvoorbeeld complete maaltijden. ,,Sadat se langer thús wenjen bliuwe kinne. Dat idee ha'k wol wat mei. Se ha al by my west, miskien is it noch wat. Mar dan moatst wol wer faker delkomme. Wy moatte marris sjen hoe't it komt.''

Auteur

Fokke Wester