Finale Sjongfestival foar bern 2016 yn de Lawei

Drachten

Yn de Lawei wurdt freed 20 maaie fan 19.30 oere ôf foar de tsiende kear de grutte finale hâlden fan it Sjongfestival foar bern. 

Yn de finale steane acht basisskoallen út Fryslân. Dy skoallen binne út de foarrondes kaam dy’t ôfrûne perioade hâlden binne yn Wommels, Burgum en op De Jouwer. De Balsemyn - Eastermar ‘Merke’ It Twaspan - Wynjewâld ‘Ik ha talint’ Ds. Hasperskoalle - Akkrum ‘Ien en Ien’ De Wyngert - Drachtster Kompanije ‘Keet!’ De Sprankel - Stiens ‘In hiele rare dei’ It Finster - Warkum ‘Mei juf mear muzyk’ De Mienskip - Bûtenpost ‘Do hearst der by!’ It Klimmerblêd - Sint Nyk ‘Dyn talint is ús gelok’ De skoallen stride om de Karin de Jong wikselbokaal. Fierders is der in brûnzen, sulveren en gouden mikrofoan foar de nûmers 3, 2, en 1. Tekstpriis foar selsskreaun nûmer In oantal skoallen hat der dit jier foar keazen om mei te dwaan mei in selsskreaun nûmer. Foar dy skoallen is der in tekstpriis. De sjueryleden foar dy tekstpriis binne Sytse Broersma en Jurjen van der Meer, beide tekstskriuwers. De tekstpriis wurdt bekend makke yn de finale. Sjuery finale De saakkundige sjuery fan de finale bestiet út Krijn Jacob Dijkstra (bekend fan it duo: ‘Die Twa’), Janneke Brakels (sjongeres en jout sjongles) en Rodney Elzer (bekend fan ‘The Voice of Holland en sjongcoach). De finale wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma en Geartsje de Vries. Raynaud is bekend fan Tsjek, it skoaltelefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân. Geartsje is ek bekend fan Omrop Fryslân. It Sjongfestival foar bern is in inisjatyf fan Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.

Auteur

Redactie