Janneke rijdt als Sara op de Ferrari-rode scooter naar Rome

DRACHTEN

Janneke Abma-Horjus stapt op 1 mei bij haar woning aan het Hooiland op de scooter, om ongeveer acht weken later aan te komen in Rome. Daarmee begint een nieuwe periode voor de 50-jarige Drachtster.

Tekst en foto's: Fokke Wester Janneke Abma-Horjus bevindt zich op een nieuw kruispunt in haar leven. Ze is net vijftig geworden en haar beide kinderen Jobert (25) en Arjan (21) zijn de deur uit. Jobert is getrouwd en verhuisde onlangs naar San Francisco in Amerika, terwijl Arjan nu in Groningen woont en studeert. Vorig jaar op 30 januari verloor ze haar echtgenoot Johan aan kanker en in januari van dit jaar heeft ze haar beide bedrijven beëindigd. Wandelschool De Wissel bestond elf jaar en wandelcoaching Pro-Actief runde ze sinds 2008. ,,Foar dy bedriuwen rûn ik mei minsken yn de bosken fan Olterterp en dat haw ik mei in hiel soad antoesjasme, wille en ynset dien.'' Sara sjoen Hoe haar leven zich verder zal ontwikkelen weet ze nog niet, maar het is tijd om nieuwe wegen te bewandelen en nieuwe herinneringen te maken, legt ze uit. ,,Op 3 febrewaris haw ik Sara sjoen. It fielt net oars as oars, want ik fiel my fysyk noch in twintiger, mar ik besef hiel goed dat ik no in fyftiger bin. En ik ha sa stadichoan in hiel soad meimakke, dat is al in hiel boek. Ik wol aanst wat mei reizigjen dwaan, aktive en sportive reizen mei lytse groepkes. Dat kin as selsstannich ûndernimmer, mar miskien ek wol foar in bedriuw of organisaasje.'' Maar eerst gaat Janneke Abma zelf op reis. En niet toevallig op de scooter en niet zomaar naar Rome. Haar man Johan werd in maart 2014 ziek en overleed op 30 januari 2015, een week na zijn 53ste verjaardag. ,,Hy hat tsien moannen siik west en dat wienen tsien hiel yntinse en bysûndere moannen. Wy ha 32 jier tegearre west en hy wie echt de leafde fan myn libben en myn maatsje.'' Ivich no Het idee voor de reis ontstond in oktober 2014, toen ze samen ruim een week doorbrachten in Rome. ,,Wy woenen tegearre noch in protte leuke dingen dwaan en ien fan dy dingen wie dy reis. Prachtige stêd, hast echt it gefoel dat de tiid der stil stiet yn in soart fan ivich no. Op in jûn stienen wy op in brêge oer de Tiber en doe sei Johan: 'Asto fyftich wurdst, bin ik der net mear by. Mar ik wol al datst it fierst en datst dy sels in kado joust'.'' Janneke keek om zich heen en zag een echte Italiaanse scooter staan. ,,Ik wit it al, ik jou my sels sa'n Vespa', sei ik. 'En dan ryd ik him foar dy nei Rome', sei ik der achteroan. Wy grappen der wat oer, mar it wie fuort dúdlik dat it wol searieus wie. Wy hienen tegearre op fakânsje yn Grikenlân ek faak scooterkes hierd en der hiele tochten mei makke. Dan fleagen wy elk op in scooter oer it eilân en fielden ús wer sechtsjin. Dat gefoel fan frijheid, dat wie it.'' Janneke Abma heeft de reis lang en goed voorbereid en op haar vijftigste verjaardag, op 3 februari, werd de Ferrari-rode scooter bij haar thuis afgeleverd. ,,Dy hie'k yn alle rêst al útsocht, hy hat der noch in moanne yn'e winkel stien.'' Gjin spyt en gjin skuld ,,It ferlies fan Johan fielde as in ierdbeving yn myn bestean. It is der allegear oars fan wurden. Wy wisten dat Johan stjerre soe en ha der as gesin nei talibbe. Alles is sein, wy ha gjin spyt en gjin skuld by mekoar. Wy ha alles goed regele, ek mei it ôfskie en alles wat der by komt. Mar wat dêrnei komt oan rou, dat witst net ast it sels noait meimakke hast. Dat oerkomt dy en dêr moatst dwers trochhinne.'' ,,Dat earste jier, dat haw ik echt sjoen as oerlibjen. Ik hie dy tiid noadich om te hielen, want al dy emoasjes, dat is echt in achtbaan. Mar myn bedriuw hie as motto 'Wy rinne noait allinne' en dy tekst is ek op Johan syn stien kaam. It logo wie ien stap foarút. Ik stie mei ien foet yn dy rou, yn it no, mar dochst ek hieltyd ien stap foarút.'' Rijnroute Janneke Abma heeft de route in hoofdlijnen voorbereid. ,,Alle wegen geane úteinliks nei Rome. Ik ryd mei in rjochte streek sa gau mooglik Nederlân út en dan gean ik by Emmerich de grins oer. Ik folgje earst de Rijnroute nei Switserlân. En by it begjinpunt fan de Rijn, by Chur yn 'e bergen, dêr wennet myn sus, Baukje. Dêr wol ik oanstekke en ek noch op twa oare adressen fan freonen, flak foar de Italiaanse grins en middenyn Verona. Alle oare dagen sjoch ik it wol. Ik kin myn tintsje opsette, mar ek in plakje sykje yn in bed & breakfast of in hotel. Ik ha sels in hingmatte mei, ik fertrou der op dat der altyd wol ergens twa beammen steane. Ik meitsje my fierder gjin soargen. Ik kin bânplakke as it moat.'' Op de scooter is een houder geschroefd waarin ze haar iPhone kan vastzetten. Ook is er een stekker ingebouwd, waarmee ze de mobiel en haar iPad kan opladen vanaf de accu. ,,En dy laadt ûnder it riden wol op, dus ik ha altyd stroom.'' Via vooraf gedownloade kaarten kan ze per dag heel precies haar route uitstippelen. Ze rijdt door hoge passen en langs grote meren via Verona, Venetië, San Marino en Assisi naar Rome, in totaal zo'n 2500 kilometer. Meeliften Ook de terugreis is al geregeld. Janneke rijdt van Rome naar Lucca en daar kan ze meeliften met een vrachtwagen van transportbedrijf Willem Boonstra uit Haulerwijk, die wekelijks op Italië rijdt. ,,Scooter en bagaazje achteryn en iksels foaryn yn de kabine. En dan is it july. En dan is it klear.'' Hoe het daarna gaat weet ze nog niet. Misschien komt er een boek, zegt ze, met haar gedachten en ervaringen. Ze heeft al heel veel geschreven en dat zal de komende weken niet anders zijn, verwacht ze. ,,Ik fyn dat ek leuk om te dwaan en dêrom nim ik ek de iPad mei. Miskien dat ik it allegear wat oan mekoar breidzje kin, myn libbensreis en de roureis. Mar dat is yn earste ynstânsje allegear noch gewoan foar mysels. Ik ha sowieso in ferhaal, mar ik ha der gjin konkrete plannen mei. Miskien doch ik ek wol wat mei lêzings foar groepen of sa. Ik sjoch it wol.'' Pieterpad De reis is rouwverwerking, maar vooral ook een poging om te helen en weer nieuwe energie en inspiratie op te doen voor de toekomst, zegt ze. Wat verwerking betreft heeft Janneke Abma ook veel gehad aan het Pieterpad, vertelt ze. Ze begonnen er samen aan toen Johan nog gezond was. Ze besloten om het pad te lopen toen ze tijdens een stedentripje in Maastricht op de finish stonden en begonnen er mee op 3 februari 2014, precies op haar 48'ste verjaardag. ,,Wy rûnen yn seis wike nei Coevorden, dat is 135 kilometer. Hieltyd yn it wykein en dat wie leuk. Mar in pear dagen nei Coevorden waard Johan net goed en blykte it foute boel te wêzen. Doe haw ik tsjin him sein: 'wat der ek bart, ik sil foar dy en my dat Pieterpad rinne'. Twa moanne nei syn ferstjerren binne wy as gesin nei Coevorden gien en doe ha wy meiïnoar it Pieterpaad en it libbenspaad wer oppakt en it earste stik rûn. Dêrnei haw ik yn etappes de reis ôfmakke, hieltyd twa dagen achter mekoar en alle kearen mei in oar. Freondinnen, freonen, famylje, ik frege hieltyd oaren mei.'' Skouderklopke ,,Dat wie foar my ek in foarm fan rouferwurking. Allinnich al it organisearjen en plannen, mar ek it praten ûnderweis en it mei elkoar stil wêzen. Fjirtjin dagen lyn haw ik it lêste stik allinnich rûn. Dat allinnich rinnen wie hiel yntins, hiel bysûnder. Ik haw enoarm gûld. Rinst letterlik by de berch op, mar ek figuerlik. By de finish sette ik myn tas del, op it selde plak dêr't ik ek mei Johan stien haw. En samar ynienen wienen dêr twa minsken. Dy man frege: heb je het volbracht? En ik sei ja. Hy kaam op my ta en joech my in skouderklopke. In poerfrjemde man! Doe moast ik gûle, want soks rekket dy wol.'' ,,It is hiel fertrietlik, mar ek symboalysk yn it rouproses. Want it Pieterpaad leart dy ek: do rinst fan A nei B, en dan hoechst nóait wer werom nei A. Ik ha dy Pieterberg beklommen, en ik bin der in pear oeren bleaun. Ik hie ûnderweis yn al dy moannen in protte stientsjes sammele en dêrmei haw ik boppe op dy berch de tekst lein: 'Wy rinne noait allinne'. Ik wie gûlend omheech rûn, mar wer nei ûnderen ta fielde ik my licht. En sa is it mei rouwen ek. Do makkest in yntinse tiid mei, mar ik hoech net werom nei syn stjerren. Dy pine om Johan syn stjerren sit hiel djip, mar sil mei de tiid hooplik slite. It hat gjin doel om hieltyd werom te gean. It paad is rûn.'' En nu gaat Janneke Abma-Horjus na de Pieterberg in Maastricht te hebben beklommen op reis naar de Sint Pieter in Rome. ,,En ik wit: wy rinne noait allinne.''

Auteur

Fokke Wester