Tryater spilet 'It famke en de twiveler' yn Beetstersweach

Drachten

 Tryater spilet op woansdei 20 april om 20:00 oere 'It famke en de twiveler' yn De Buorskip yn Beetstersweach.

It stik is basearre op Two for the Seesaw, in Broadway-klassiker oer de leafde. Akteurs Lourens van den Akker en Ali Zijlstra stappe yn de spoaren fan Robert Mitchum en Shirley MacLaine, dy’t de rollen spilen fan twa minsken sykjend nei leafde en hâldfêst. Hy hat brutsen mei syn leafde en beslút nei de stêd te gean om ôfstân te nimmen fan syn thússitewaasje. Dêr moetet hy har. Sy besiket, krekt as hy, op ’e nij foarm te jaan oan har libben. Se fiele har sterk ta mekoar oanlutsen. Is harren leafde in middel om de iensumheid te ferdriuwen of is it echt? Alle stadia fan leafde Regisseur Tatiana Pratley (Heimwee nei Hurdegaryp) boartet mei de foarm fan in Broadwayklassiker. Se lit de twa personaazjes alle stadia fan in alles oerhearskjende leafde trochrinne: fan de earste moeting en it ôftaasten oft de oar dy wol wol, oant de ferlieding, de oerjefte, de earste barsten dy’t komme en de muoite dy’t it kostet om dysels en de oar te akseptearjen sa’t hy of sy is. Eigenwize remake It famke en de twiveler is in fassinearjende, eigenwize remake troch jonge teatermakkers, dy’t de sfear fan de jierren ’50 subtyl rekket. De earste oanset foar de foarstelling wie yn 2014 as Sneak Preview te sjen yn it eigen gebou fan Tryater. Yn it foarjier fan 2016 op giene de makkers op ‘e nij mei it stik oan ‘e gong. It famke en de twiveler is no yn in koarte toernee yn mar in pear sealen te sjen. Kaarten Kaarten reserveare kin op www.tryater.nl of fia 06-40225196 of by Drogisterij Dio yn Beetstersweach.

Auteur

Redactie