Op 'e nij Bigoun út Aldegea spilet Dûbel op

Drachten

 Toanielferiening 'Op 'e nij Bigoun' spilet de klucht 'Dûbel op' van Jon van Eerd.  Alle jûnen binne yn ‘e Skippersseal yn Aldegea, Smellingerlân. Oanfang 20:00 oere.

De oarspronklike titel is Dubbel op. Fryske oersetting troch Baukje Stavinga. Hector Vermeulen is sjirurch en chef de klinyk yn de Unlimited Beauty and Health klinyk. Hy runt de klinyk tegearre mei Valerie Kreukwijk. Hector is in trochtrape fint en nimt it net sa nau mei de moraal, hy giet oer liken om syn foardiel mar oeral út te heljen… In wrâldskokkende útfiening fan syn hân sil syn namme definityf op de kaart sette. Mar dan rint alles mis. Gelokkich is dêr de sullige twillingbroer Harrie. Dy sil dan de skuld fan alle behannelingen dy’t mislearje op him nimme moatte. Mar de broer liket noch ûnnoazeler as yn earste ynstansje tocht waard en hy soarget derfoar dat alles yn it hûndert rint. Ek in ambisjeuze sjoernaliste komt yn it fermidden om har eigen 'Watergate' skandaal te sykjen. De rezjy is yn hannen fan Arnold Dijkstra. Utfieringen Utfieringen binne 4, 5, 11 en 12 maart. De útfieringen fan 5 en 12 maart binne útferkocht. Foar 4 en 11 maart binne der noch kaarten. By foldwaande belangstelling is der noch in opsje op in ekstra jûn op 18 maart. Kaarten by Jongsma verf - Alles onder één dak (Sânbuorren 1) till. 06-28795556, e-mail: jongsmaverf@hotmail.nl Sjoch ek op www.op-e-nij-bigoun.nl

Auteur

Redactie