HympHamp Teater spilet freed Op Portret yn Aldegea

ALDEGEA

 Op freed 5 febrewaris spilet It HympHamp Teater fan acht oere ôf de kabaret foarstelling Op Portret yn de Skippersseal yn Aldegea.

It HympHamp teater bestiet út Jelmar Hoekstra en âld-Aldegeaster Fokke Plantinga. Fokke Plantinga hat ûnder oare meispile yn it lêste iepenloftspul fan Aldegea, Hector, dêr't er ien fan de haadrollen yn spile. Yn 'Op Portret' litte Jelmar en Fokke nuveraardige personaazjes de revue passearre en spylje koarte stikken út it deistich libben. Ut in oare wize fan sjen nei minsken, en sykje nei de útfergrutting komme dizze personaazjes ta libben en kin elts dy’t se sjocht foaral in oar der yn werkenne. 'Op portret' nimt it publyk mei nei de Pakes en Beppes fan eartiids, de ymportfries út it Gooi, de echte fûgeltsjeman en folle mear. Tegearre mei twa betúfte muzikanten bringe Jelmar en Fokke in programma mei maoie lietsjes en prachtige scênes.    

Auteur

Fokke Wester