Op Nij Foriene spilet 'De Man mei de Hippe Hoed'

URETERP

Op Nij Foriene spilet in pittich blyspul skreon troch Harry van Veen en oerset troch Roel Klijnstra.

Koarte inhald fan it stik: De skoarstien fan in miljeufersmoargjende fabryk is read ferve. Ut protest fansels De dieder hie by de aksje in hippe helblauwe hoed op. Yn it rekreaasjepark Gastfrij Gaasterlan fan frou Toets, is in helblauwe hoed sjoen. Troch Lotte, dy't as resepsjoniste by de toanbank yn de kantine wurket. Ien fan de gasten, Lapré, wol der mear fan witte. Hy is projektûntwikkelder en hat wol belang by it rekreaasjepark. Tafallich is ek ien fan syn meiwurkers, Gert Bos ek yn it park. Hy hat ûnderweis de lease auto fan de saak yn de prak riden. Hy komt tafallich yn de kunde mei de eigner fan de hippe hoed. Hy kriget dy hoed, dy mei hy hâlde. Mar hy wol der wol wer fan ôf. Mar hy wit net, dat syn frou efter syn rech om in ofspraakje hat. Mei immen, dy t in hippe hoed draacht. In jogger wol in steancaravan oernimme. En dy hat ek ynienen in helblauwe hoed op. Wat der dan allegearre bart, is net te beskriuwen. Utfierings binne op: Tongersdei 4 febrewaris om 14.00 oere en freed 5 en sneon 6 febrewaris om 20.00 oere yn MFC De Wier yn Oerterp.

Auteur

Redactie