Fryske Krite De Sweach spilet De Blost fan Bûtenpost

BEETSTERSWEACH

De Fryske Krite spilet freed 22 en saterdei 23 jannewaris yn De Buorskip it kluchtich blijspul De Blost fan Bûtenpost. Beide útfierings begjinne om acht oere de jûns.

  Beide jûnen is de seal iepen fanôf 19.00 oere en is der in felrotting mei prizen yn it skoft. Op sneon nei ôfrin muzyk mei Duo I.K.E.A (Inderdaad: Koen en Anton) It stik is skreaun troch Tjalke Stoelwinder en wurdt regissearre troch Elske Klooster. It ferhaal giet oer in blost fan in fint, dy’t mient dat hy alles is en noch nea in slach ferlern hat. Ruurd Koopmans seit dat hy kampioen yn boksen is, mar foar it kampioenskip ligen en bedrigen komt hy earder yn oanmerking. Syn sweager Ingelbert sjocht mar bot tsjin him op. Ingelbert is in suertsje sûnder kont yn de broek, hy hat yn syn houlik de moedfearren allang hingje litten. Hy hat dan ek neat yn te bringen by Alberta, in bekstik dy’t de mûle altyd oant de earen ta iepen hat. Wannear Ruurd Ingelbert yn betrouwen nimt en syn geheim ferklapt gean ek Ingelbert de eagen iepen. En ien gek makket mear gekken. It libben kin sa'n stik moaier wêze nei al harren snoade plannen. Mar soenen de mannen dit wol foarelkoar bokse sûnder dat der echte klappen falle? Soenen se wol genôch rekken hâlde mei harren tsjinstanders. Skoanmem Gryt is gjin swiergewicht mar wol in gefaar. Har sprekwurden slagge mannichien knock-out. As komt it gefaar miskien wol út in oare hoeke? Al mei al wurdt dit in spannende wedstriid wêrt úteinlik it publyk de grutste winner wurde sil. Kaarten binne yn ‘e foarferkeap te krijen by ‘Drogisterij Ans’ yn Beetstersweach of telefoanysk te bestellen op 0512-381834. Ek oan ‘e seal wurde kaarten ferkocht.

Auteur

Fokke Wester